Kening wiis mei Alvestêdekrús
'It Alvestêdekrúske is de iennichste ûnderskieding dy't ik sels fertsjinne ha'. Dat hat kening Willem-Alexander tiisdei sein tsjin kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Jorritsma fûstke mei de nije kening gelyk neidat dy de eed ôflein hie. De kommissaris komplimintearre Willem-Alexander by dy gelegenheid mei syn kar foar it krúske.
Jorritsma wie yn de Nieuwe Kerk mei sa'n 30 Fryske boargers dy't de plechtichheid bywenje mochten. Sûnt tiisdei mei it Alvestêdekrúske as ûnderskieding droegen wurde.