Kening draacht Alvestêdekrúske

30 apr 2013 - 14:54
  • Kening Willem-Alexander
  • Willem-Alexander leit de eed ôf yn De Nieuwe Kerk

Kening Willem-Alexander hat tiisdei by de ynhuldiging it Alvestêdekrúske droegen tusken syn ûnderskiedingen. Sûnt tiisdei meie Alvestêderiders it krúske as keninklike ûnderskieding drage. Ek op it staasjeportret hat er it krúske op.

De nije kening ried yn 1986 de Alvestêdetocht ûnder it pseudonym W.A. van Buren. De kening hie seis lintsjes op. It Alvestêdekrúske is de twadde fan rjochts foar de sjogger. Ek draacht Willem Alexander it Ridder-Grootkruis Militaire Willemsorde.

By de ynhuldiging wiene ek 30 Fryske boargers oanwêzich dy't selektearre wiene troch de Fryske boargemasters en kommissaris fan 'e Kening John Jorritsma. Fan de Fryske Twadde Keamerleden lei Lutz Jacobi as iennichste de eed yn it Frysk ôf mei de wurden 'Dat ûnthjit ik'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)