Goeie opkomst by aubades

Foar guon wie it faaks wat te betiid, mar dochs wie de opkomst grut by de tradisjonele aubade by it stedhûs fan Boalsert. Mei begelieding fan de muzykkorpsen Hollandia en Oranje waarden dêr om 9 oere it Wilhelmus, it Frysk Folksliet en it Boalserter Keninginneliet songen. Ek wie der in ballonnewedstriid foar de bern.
Ek de rest fan de dei is der noch fan alles te rêden yn Boalsert, lykas in kofferbakferkeap mei 80 dielnimmers en in optreden fan muzykferiening Oranje mei Teake van der Meer.
Der wiene tiisdei ek Keninginnedei-aubades yn Kollum en yn Snits.