Man oppakt foar stellerij

De man waard flak ûnder Ljouwert oanhâlden © Anton Kappers, Kappers Media
De plysje hat moandeitenacht op de Drachtsterwei by Ljouwert in man (34) út Boalensloane oanhâlden op fertinking fan stellerij út in auto. De man soe ynbrutsen hawwe yn in auto op it carpoolplak by Nijtap. Tsjûgen warskôgen de plysje oer de ynbraak en joegen ek in goeie beskriuwing fan de auto dêr't de ynbrekker yn siet.
Krekt foar Ljouwert seagen plysjes de oanbelangjende auto riden. De bestjoerder waard oanhâlden. By it fûillearjen fan de man waard ek wat harddrugs fûn. De man is ynsletten foar neier ûndersyk.
De drugs en ek de auto waarden yn beslach nommen.