Patatwein Kwelderwei stellen

30 apr 2013 - 10:43
  • Patatkar 'De smulhoeke' is stellen

Dieven ha yn de nacht fan snein op moandei snackwein de Smulhoeke fan Piter Meindertsma stellen. De wein stie op syn stânplak lâns de Kwelderwei by Dokkumer Nije Silen. Meindertsma ûntduts de stellerij doe't hy moandei patat bringe woe.

Foar Meindertsma is it in grutte strop. It toeristeseizoen dêr't Meindertsma it fan hawwe moat set dizze wike útein. De wein hat in wearde fan sa'n 15.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)