3 drugsoanhâldings yn Drachten

30 apr 2013 - 09:42

De plysje hat moandeitejûn yn Drachten twa mannen en in famke oanhâlden foar it yn besit hawwen fan harddrugs. It giet om in famke (17) út Surhuzum, in man (18) út Koatstertille en in man (26) fan De Harkema. De fertochten sieten yn in auto dy't op De Omloop kontrolearre waard.

By de kontrôle besochten de fertochten de drugs te ferstopjen, mar dat slagge net. De plysje fûn ûnder oare twa fleskes GHB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)