Fryske F16's groetsje kening

Strielfleanmasine © Omrop Fryslân
F16's fan de fleanbasis Ljouwert en Volkel bringe tiisdeitejûn boppe it IJ in spesjale groet oan de nije kening. Se bin ûnderdiel fan de militêre seremoanje yn Amsterdam. De fleanbasis giet dêrom jûns fan sân oant tsien oere iepen foar de start en de lâning. In wurdfierder wol net sizze wat de fleantugen dwaan sille. Dat bliuwt geheim oant de echt flecht boppe Amsterdam, sa seit in wurdfierder fan de fleanbasis.