Skûtsjes nei ynhuldiging

29 apr 2013 - 15:10
  • Skûtsje De Singelier fan Starum

Fryske skûtsjes binne oer de Iselmar ûnderweis nei Amsterdam. Dêr sille se in rol spylje by de festiviteiten foar de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander. It giet om de SKS-skûtsjes fan Drachten, De Jouwer en Langwar. Fan de IFKS binne dat de Singelier, de Hoop op Zegen en de Rust na Arbeid. De skûtsjes sille yn Amsterdam mei it steatejacht foar anker by de Sumatrakade.

Kening Willem-Alexander makket mei Máxima en de bern in tocht oer it IJ dêr't ek de Fryske skippen lizze.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)