Freark Smink bringt nij stik

22 des 2011 - 14:05
  • Freark Smink as Zelle

Nei de suksesfolle tonielfoarstelling oer dûmny Zelle, stiet akteur Freark Smink oer in jier yn it teater mei in stik oer Fryske emigranten. It giet om in inisjatyf fan produsint David Lelieveld fan Tytsjerk. Hy hat earder mei sjonger Piter Wilkens op toernee west yn Kanada. Dêr waard er rekke troch de ferhalen fan emigranten. It stik wurdt op stuit skreaun troch Romke Toering. Fierder is der ek in rol foar Theo Smedes.

De premiêre fan it stik 'de emigrant' is begjin 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)