Nij briefpapier foar Jorritsma

29 apr 2013 - 12:56

Foar John Jorritsma hat de troanswiksel by it Nederlânsk keninklik hûs feroarings op syn eigen wurkterrein fan gefolgen. De Fryske kommissaris is fan moarn ôf gjin 'kommissaris fan de Keninginne' mear, mar 'kommissaris fan de Kening'. Fanwege de nije namme moat der nij briefpapier, nije fisitekaartsjes en in nij buordsje op de doar komme.

Jorritsma is moarn sels ek by de ynhuldiging yn Amsterdam oanwêzich. Fierders sil de Fryske topturner Epke Zonderland ek in wichtige rol spylje.

Trefwurden: 
John Jorritsma CdK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)