Enkête oer Willem-Alexander

De monargy hoecht ûnder de nije kening net moderner te wurden en kening Willem-Alexander hoecht gjin taken yn te leverjen. Dat fynt de mearderheid fan de dielnimmers oan in enkête fan Een Vandaag.
Neffens de dielnimmers moat de kening gewoan trochgean mei iepenings, wurkbesites, de troanrede en de wyklikse petearen mei de minister-president. It betrouwen yn Willem-Alexander as nije kening is grut, sa docht bliken. Boargemaster fan Kollumerlân en Oranjekenner Bearn Bilker hat in soad betrouwen yn it nije keningspear.