Groepsferbod Camminghabuorren

De gemeente Ljouwert stelt wer in groepsferbod yn foar in part fan de wyk Camminghabuorren. It giet om it gebiet tusken de Albadastins en de Carolinenburg. Jongeren soargje dêr al langere tiid foar in oerlêst. Se meitsje tefolle leven en falle bewenners lestich.
De gemeente is sûnt 2011 dwaande de oerlêst yn de wyk oan te pakken. Yn 2012 waard minsken dêr al ferbean yn groepen by-inoar te kloftsjen. De oerlêst waard doe minder, sadwaande it nije ferbod foar seis moanne, oant oktober fan dit jier.