Tariedings foar ynhuldiging

29 apr 2013 - 11:25

Rûnom yn Fryslân wurde de lêste konkrete tariedings dien foar Keninginnedei en de troanswiksel. Yn it sintrum fan Ljouwert wiene minsken op sneintemiddei al dwaande om plakken foar de frijmerk mei plakbân ôf te setten. Op ferskate plakken binne banketbakkers dwaande mei it meitsjen fan spesjale echte oranjekoeken en oare spesjale produkten.

Yn ferpleechhûs Bloemkamp yn Boalsert binne se klear mei it haken fan Oranjekroantsjes. It is de bedoeling dat alle 180 bewenners op 30 april de korsaazjes op hawwe. Kroantsjehaken is wakker populêr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)