Opskuor oer ferkeap tsjerke

29 apr 2013 - 10:57
  • It tsjerkje fan Broek

De ferkeap fan it tsjerkje fan Broek soarget foar opskuor yn it doarp. De PKN-gemeente fan De Jouwer hat plannen om it gebou te ferkeapje oan in partikulier. De bewenners wolle dat net. Se stekke in soad tiid en jild yn ûnderhâld fan it tsjerkegebou. De finansiering wurdt regele troch in freonestichting. Dêrom soe it tsjerkje de PKN sawat gjin jild kostje.

De PKN-gemeente seit lykwols in soad jild kwyt te wêzen oan it tsjerkje. Der gean hieltyd minder minsken nei tsjerke en dêrom moat de PKN tsjerken kwyt. Broek is dêr ien fan.

Preses Luuk Hazelhoff fan de PKN-gemeente De Jouwer begrypt de emoasjes fan de Broeksters. De ferkeap is neffens him noch mar in plan, mar wol hiel serieus.

De mooglike keaper is ûndernimmer Rienk van Terwisga út Broek. Neffens him hoege de ynwenners harren gjin soargen te meitsjen. Aktiviteiten út it doarp krije foarrang. Van Terwisga wol de tsjerke ek foar kommesjelere saken ferhiere. De bewenners binne benaud dat wannear't him dat net slagget, de tsjerke opnij ferkocht wurdt. Dan hat it doarp der hielendal gjin grip mear op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)