Stake op Dei fan de Arbeid

Prins Dokkum © Omrop Fryslân
De wurknimmers fan fangrailfabryk Prins yn Dokkum lizze woansdei op de Dei fan de Arbeid opnij it wurk del. It is de safolste stakingsdei by Prins. It memmebedriuw Saferoad yn Noarwegen wol de festiging yn Dokkum slute. Ofspraken oer in sosjaal plan foar de wurknimmers binne der nei wiken fan ûnderhanneljs en aksjefieren noch hieltyd net.
Sneon stiene de wurknimmers noch te protestearjen by it lanlik PvdA-kongres dat yn Ljouwert wie.