Botsing mei hoanne

In 21-jierrige motorrider út Burgum is sneintemiddei ferwûne rekke doe't er yn botsing kaam mei in hoanne. Op de Jisteboerewei yn Jistrum stuts de hoanne ynienen de dyk oer. De motorrider koe net mear om it bist hinne en botste der boppe-op. It slachtoffer koe mei muoite syn motor stilhâlde.
De man is mei letsel oan de nekke oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.