Sint Jabik wint yn Weidum

28 apr 2013 - 17:33
  • Keatsen

De earste keatspartij fan it jier yn Weidum is snein in proai wurden foar it partoer fan Sint Jabik. Yn de finale wiene Bauke Triemstra, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. De lytse preemjes wiene foar Boalsert mei Peter en Thomas van Zuiden en Hendrik Bouwhuis en Holwert mei Gert-Anne van der Bos, Elgar Boersma en Rudolf Soepboer. Boalsert ferlear de heale finale fan Sint Jabik, Holwert fan Minnertsgea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)