Man mei skonk yn frees

In 53-jierige ynwenner fan Kollumerpomp rekke sneontemiddei swier ferwûne doe't er mei in skonk yn de frees kaam. Hy wie yn in tún oan de Foijingawei mei in selsridende frees oan it wurk. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke er mei syn skonk yn de masine. Ambulânsepersoniel hat de man stablisearre. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.