Wetterskipsbelesting omheech

Troch ekstra ynvestearings fan Wetterskip Fryslân nimt de wetterskipsbelesting ta. It wetterskip moat miljoenen mear meibetelje oan it opheegjen fan diken en kaden. It deistich bestjoer wol noch foar de simmer yn byld bringe wêr't op besunige wurde kin en dêroer prate mei it algemien bestjoer. Mooglikheden binne effisjinter wurkje, útbesteegje fan taken en hegere wetterskipslesten. De ôfrûne twa jier hat it wetterskip al 3,6 miljoen euro besparre op kosten, sa blykt út de jierrekken fan 2012.