Feroarings yn Fryske stavering

28 apr 2013 - 16:09

Foar it earst sûnt 1980 wurdt de stavering fan it Frysk oanpast. Dat betsjut dat televyzje net mear mei in 'v' skreaun wurde moat, mar mei in 'f'. In wurd as 'droech' moat aansten mei in 'û'. De feroaring is betocht troch de Fryske Akademy. By de Akademy wurkje se oan in standert wurdlist. Doe die bliken dat in pear wurden ûnlogysk stavere waarden. Dêrom binne de regels op in pear punten oanpast en in oantal wurden feroare. Neffens de Akademy wurdt it makliker om Frysk skriuwe te learen.

Provinsjale steaten binne akkoart mei de nije stavering. De standert wurdlist moat soargje foar minder betizing oer de ferskillende farianten fan wurden dy't tastien binne. Wannear't de feroarings ynfierd wurde, is noch net dúdlik. De standert wurdlist is nei alle gedachten yn oktober klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)