Westra 4e yn tiidrit Romandië

Lieuwe Westra © ANP
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is snein as fjirde einige yn de ôfslutende tiidrit yn de Ronde fan Romandië. De lêste etappe, in tiidrit rûnom Genève oer 18,7 kilometer, waard wûn troch de Dútser Tony Martin. De Italiaan Adriano Malori waard twadde, foar de Brit Chris Froome dy't de tredde tiid op 'e klok sette.
It tredde plak fan Froome wie genôch foar de einoerwinning yn de 67e edysje fan de Ronde van Romandië. Dêrmei nimt er de titel oer fan ploechgenoat Bradley Wiggins. Lieuwe Westra einige yn it einklassemint op it 15e plak.