Samsom nimt oprop net oer

27 apr 2013 - 18:01
  • Diederik Samsom

Partijlieder Diederik Samsom leit de oprop fan it PvdA-kongres yn Ljouwert neist him del. In grutte mearderheid fan de leden naam sneon de moasje fan Terphuis oan om yllegaliteit net strafber te stellen. De PvdA-lieder kin net oan de oprop foldwaan om't er net weromkomme kin op makke ôfspraken yn it regearakkoart.

Dat soe neffens him gefolgen ha foar oare ôfspraken dy't makke binne oer in humaner frjemdlingebelied. Guon kongresgongers wiene dúdlik teloarsteld yn Samsom. Njonken applaus waard der ek boe-roppen nei Samsom syn taspraak. 

Help oan yllegalen wurdt net strafber, as it oan Samsom leit. Oare maatregels dy't de PvdA-lieder bepleitet binne minder frjemdlingedetinsje en soarchfâldich sjen nei yllegalen dy't net útset wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)