SCO ferliest fan hikkesluter

27 apr 2013 - 17:34
  • SCO

De kuorballers fan SCO ha sneon mei 19-13 ferlern fan hikkesluter Oost Arnhem. Yn Arnhem koe de ploech fan trainer Hillebrand Diever yn de earste helte knap de oansluting hâlde. By rêst stie der in tuskenstân fan 9-8 op it boerd.

Nei it skoft makke de thúsploech lykwols it ferskil. Wêr't Oost Arnhem it fizier op skerp hie, miste by SCO de tûkens yn de ôfrûning. Troch it ferlies ferspilet SCO djoere punten yn de striid om liifsbehâld yn de haadklasse A. De ploech sakket nei it sânde plak mei 6 punten út 10 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)