PvdA: moasje Terphuis oannaam

27 apr 2013 - 17:00

De moasje fan Sander Terphuis is sneon op it PvdA-kongres yn Ljouwert mei grutte mearderheid oannommen. In soad leden binne tsjin it strafber meitsjen fan yllegaliteit en help oan yllegalen. Terphuis krige in steande ovaasje nei syn sprekbeurt. Hy waard lokwinske troch partijfoarsitter Spekman dy't advisearre om tsjin de moasje te stimmen. De moasje giet tsjin de ôfspraken fan it regearakkoart yn.

Terphuis betanke de Friezen noch. Hy kaam yn 1991 út Iran nei Nederlân en wie in skoft yllegaal yn Burgum.

Hans Spekman sei dat er it wetsfoarstel ek 'gruwelijk' fynt en dat er grutsk is dat alle PvdA' ers dat fine. Mar hy sei ek dat it PvdA-kongres ferline jier novimber ynstimd hat mei it regearakkoart en dat er him oan dy ôfspraken hâlde wol. It oannimmen fan dizze moasje soe wolris foar grutte problemen soargje kinne yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)