ONS-fans kleure Harkema oranje

27 apr 2013 - 05:53

Supporters fan ONS Snits ha yn de nacht fan freed op sneon De Harkema oranje kleure. Midden yn de nacht ha de fiif fans de middenstip in oranje kleur jûn en in spandoek yn de goal hongen mei de tekst 'Kampioën wurde in De Harkema, un bekroaning fan in geweldech seizoën'.

ONS kin sneon op it fjild fan Harkemase Boys kampioen wurde fan de haadklasse. De fans plakten ek sa'n 200 stickers en der hingje twa spandoeken op in fiadukt by Drachten en Aldehaske. De plysje kaam noch wol efkes del, mar liet it fierder gewurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)