Winnend Cambuur bliuwt twadde

26 apr 2013 - 22:47

Cambuur bliuwt twadde yn de Jupiler League. De Ljouwerters wûnen de thúswedstriid tsjin Emmen mei 4-0, mar ek koprinner Volendam wûn, mei 2-1 fan MVV. It ferskil tusken beide ploegen bliuwt mei noch ien wedstriid te gean twa punten yn it foardiel fan Volendam. Cambuur kaam yn de wedstriid tsjin Emmen yn de 14e minút op foarsprong troch Martijn van der Laan. Nei it skoft rûnen de Ljouwerters út nei 4-0, fia goals fan Tighadouini, Barto en Diemers. Cambuur spilet nije wike út by Excelsior. Volendam moat nei Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)