Frysk jild nei spoar by Swolle

Fryslân is ree om 10 miljoen euro bûten de provinsje te ynvestearjen. Hjirmei moat it knipepunt Herfte yn it spoar by Swolle oanpakt wurde. De provinsje wol fjouwer treinen yn de oere ride litte, mar Herfte kin dy drokte net oan. Oer de eksakte bydrage moat noch ûnderhannele wurde mei it Ryk en de oare provinsjes.
Fryslân hat jild oer, omdat it plan foar in spoarline fan It Hearrenfean nei Grins net trochgiet.