Mooglik wer see-earnejong

See-earn © Han Bouwmeester
It see-earnespantsje yn it Lauwersmargebiet hat mooglik wer in jong. Meiwurkers fan Steatsboskbehear hâlde no ekstra tafersjoch by it nêst om't it wyfke oan it brieden is. Mar tongersdei foel op dat it sy net mear yn it nêst sit, mar op de râne. Dat soe betsjutte kinne dat der in jong yn it nêst sit, seit Jaap Kloosterman fan Steatsboskbehear. It is dizze fûgels al twa kear earder slagge om in jonge fûgel grut te krijen yn Nasjonaal Park Lauwersmar; in mantsje en in wyfke.