Wettersteuring is foarby

26 apr 2013 - 16:06

De wettersteuring by Sumar, Garyp en Burgum is foarby. Vitens melde begjin freedtemiddei dat der problemen wiene mei de lieding en dat der gjin of minder wetter út de kraan kaam. Oarsaak wie in breuk yn in wetterlieding dy't om in oere as tolve ûntstie. Mooglik is it wetter earst wat brunich fan kleur. Dat is neffens Vitens net skealik foar de sûnens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)