Neibesteanden wol ynformearre

22 des 2011 - 12:31

De neibesteanden yn de saak fan de moard yn de Partuurstrjitte yn Snits binne wol deeglik op tiid ynformearre oer de pro forma sitting fan dizze wike. It dossier oer de saak krije se sa gau mooglik. Dat is de reaksje fan it Iepenbier Ministearje op de hurde krityk fan advokaat Richard Korver, dy't de belangen fan de mem fan it deadlik slachtoffer behertiget.

In man fan 42 út Denekamp wurdt fertocht fan moard op syn eardere skoansuster yn Snits. Fannewike wie de pro-forma sitting by de rjochtbank, mar de advokaat seit dat de neibesteanden fan neat wisten.

It iepenbier ministearje seit dat soks wol trochjûn is. Korver bliuwt der by dat hy net ynformeard is. Neffens him hawwe der de lêste wiken hielendal gjin kontakten west. Wol hat Korver nei oanlieding fan it nijs tongersdei in mobyl nûmer krigen fan de ofsier fan justysje dy't de saak behannelet. Earder wie dy neffens Korver hieltyd ûnberikber.

Trefwurden: 
Snits moard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)