Gjin wetter yn Burgum e.o.

26 apr 2013 - 14:24
  •  Wettersteuring

Vitens meldt problemen mei de wetterlieding yn Sumar, Garyp en Burgum. By de ynwenners fan de doarpen komt freedtemiddei gjin of minder wetter út de kraan. Oarsaak is in breuk yn in wetterlieding dy't om in oere as tolve ûntstien is. Neffens Vitens wurdt de breuk yntusken reparearre, hoe lang't dat wurk noch duorret, is net bekend. Mocht der aanst wol wer wetter wêze, dan soe dat in brune kleur ha kinne, warskôget Vitens. Dat is neffens it bedriuw net skealik foar de sûnens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)