Swimbad Menaam wol iepen

Schatzenburg © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It iepenloftswimbad fan Menaam op Schatzenburg giet fan 't simmer wol iepen. Eigener Piet Siderius seit dat hy ôfspraken makke hat mei ferskate partijen. Begjin maart kundige Siderius oan dat hy it bad ticht hâlde woe, om behearder Ron van Booma fan it bungalowpark ûnder druk te setten. Dy soe bungalows ôfsletten hawwe fan wetter, gas en stroom. As it swimbad ticht bliuwe soe, soe dat ek de bungalows fan Van Booma dreech te ferhieren meitsje. Siderius wol net oanjaan oft er der no útkommen is mei Van Booma.
It swimbad wurdt klear makke foar iepenstelling. Siderius wol it bad foar de pinksterdagen iepenje. Wethâlder Lute Pen fan Menameradiel hâldt noch in slach om de earm. Hy is dwaande mei in regeling foar skoalbern om goedkeape abonneminten oan te bieden, mar dy regeling is offisjeel noch net goedkard troch B & W en de gemeenteried.