106 Keninklike ûnderskiedingen

26 apr 2013 - 12:01

De keninklike ûnderskiedingen binne freed opspjelde. Foar de lêste kear bart dat út namme fan keninginne Beatrix. Yn Fryslân binne dit jier 106 lintsjes útrikt, dat is ien mear as ferline jier. It giet om 62 manlju (tsjin 69 foarich jier) en 44 froulju (tsjin 36 yn 2012). Mei 16 lintsjes binne de measte ûnderskiedings yn de gemeente Súdwest-Fryslân útrikt. Yn Achtkarspelen hie de nije boargemaster Gerbrandy it ek drok mei 9 ûnderskiedingen. Yn Kollum krigen 4 minsken út ien strjitte yn Westergeast in ûnderskieding.

Fan de 106 ûnderskiedingen binne 11 ta 'Ridder in de Orde van Oranje-Nassau' beneamd, ûnder har Paul Scheffer, de âld-boargemaster fan Harns. Hy krige de ûnderskieding fan Kommissaris John Jorritsma. Allinne yn Gaasterlân-Sleat binne gjin ûnderskiedingen úttrikt. Fryslân is de provinsje dêr't yn ferhâlding de measte froulju in keninklike ûnderskieding krigen hawwe.

Trefwurden: 
lintsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)