Man fernielt ruten op stasjon
In Jouster (41) is tongersdeitejûn op it stasjon yn Ljouwert oanhâlden. Hy hie in tal ruten fernield. Meiwurkers fan de NS hâlden de man oan en droegen him oer oan de plysje. It is net bekend wêrom't de Jouster de boel fernielde.