Hângranaat brûkt yn Drachten

22 des 2011 - 12:20
  • Hângranaat

By de oanslach op de sportskoalle oan de Melkkelder yn Drachten is in profesjonele hângranaat brûkt. Dat docht bliken út plysjeûndersyk. By de oanslach yn de nacht fan 11 op 12 desimber rekken seis ruten fernield. Dêrneist hie it gebou in soad wetterskea om't in wetterlieding yn it plafond stikken sprong.

De plysje nimt de saak heech op.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)