Gearwurking Noarden-Eindhoven

Fryslân boerd © ANP
It Noarden moat gearwurking sykje mei fernijende, kreative bedriuwen yn Eindhoven. Dat smyt in soad nije kânsen op. Dat is it boadskip fan de Sosjaal Ekonomyske Ried Noard-Nederlân oan de provinsjes.
De SER hat Fryslân, Grinslân en Drinte oproppen dit idee by minister Maxime Verhagen fan Ekonomyske Saken ûnder de oandacht te bringen. De kreative yndustry docht it yn Eindhoven hiel goed. Dêrby moatte jo tinke oan bedriuwen op it mêd fan arsjitektuer, keunst, media, moade en reklame.
Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma sjocht gearwurking mei Eindhoven hielendal sitten. Hy sjocht kânsen foar bygelyks de gaming-yndustry en de wettertechnology-sektor.