Wrâldrekôr mei ballonnelint

Kollum hat it wrâldrekôr ballonnelint ferbettere. De ynwenners fan it doarp hawwe in ballonelint makke fan mar leafst 22 kilometer. En dat is twa kilometer langer as it âlde rekôr yn it Guiness Book of Records.
De doarpsbewenners wiene al dagen dwaande mei it meitsjen fan it lint en hiene eins hope op 25 kilometer út te kommen. Mar om't op ferskate plakken de ballonnen knapten hawwe se dat net helle. Om it rekôr binnen te heljen waarden 276.000 ballonnen brûkt.