Primeur elektryske bus Skier

25 apr 2013 - 17:17

Op Skiermûntseach ride fan tongersdei ôf seis elektryske bussen. Dêrmei hat it eilân as earste yn Europa in busferbining dy't folslein op stroom rydt. De seis elektryske bussen komme fan it bedriuw BYD út Sina en wiene tongersdei foar it earst op de dyk.

De bedoeling is dat it iepenbier ferfier troch dizze bussen miljeufreonliker wurdt. It bedriuw BYD hopet dat de elektryske bussen in grut sukses wurde en wol graach ek bussen ferkeapje yn de rest fan Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)