Tsjûgen socht yn saak damhart

25 apr 2013 - 17:07

De plysje siket tsjûgen dy't mear witte oer it delsjitten fan in damhart yn de bosken by Ketlik. It damhart hat dagen lang omstapt mei in pylk yn 'e kop. It giet nei alle gedachten om in pylk út in hânbôge, mar wa't op it hart sketten hat is oant no ta net bekend. It damhart waard moandei troch in profesjonele jager delsketten yn opdracht fan it Fryske Gea en de pylk is oerdroegen oan de plysje.

De pylk is makke fan glêsfezel en is swart fan kleur. Hy is 78 sentimeter lang en 7 milimeter dik.

Trefwurden: 
damhart pylk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)