Alle Friezen moatte SUP-pe

Friezen moatte mear yn beweging komme. Dat is it doel fan de Nasjonale Sportwike, dy't dizze wike yn Fryslân hâlden wurdt. Yn it hiele lân wurde fergese aktiviteiten organisearre om minsken waarm te meitsjen foar besteande en nije sporten.
Yn Ljouwert koe men tongersdei yn de kunde komme mei it SUP-pen, stand-up-peddeling. It SUP-pen is in sport dêr't men steand op in surfplanke oan it peddeljen is.