Bou fakânsjehúskes by Burdaard

25 apr 2013 - 15:55

Yn Burdaard is tongersdei de bou begûn fan it rekreaasjepark by de Dokkumer Ie. Uteinlik komme der 58 rekreaasjewenningen ynklusyf trije groepswenningen te stean. Der is ek plak foar in tal startershûzen by de Jislumerdyk. De earste hûzen sille foar de simmer noch bewenber wêze.

It park is ûnderdiel fan in grut plan om it doarp te fernijen. Ofrûne jieren kaam der al in nije skoalle, in multyfunksjoneel sintrum en in doarpsplein by. De oanlis fan in gruttere haven en camping by mole De Zwaluw is hast klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)