Buro Sm'lân noch net bekend

© gemeente Smellingerlân
It duorret noch in goede wike foardat der mear bekend wurdt oer it eksterne ûndersyk nei de bedriuwskulteur by de gemeente Smellingerlân. Der wurdt op it stuit ûnderhannele mei ferskate buro's. Neidat der in kar makke is foar in buro, moat de ûndersyksopdracht opsteld wurde. Dat wurdt dien mei it ynhierde buro.
Ferline wike waard bekend dat der by de gemeente in eangstkulteur hearsket. Ferskate amtners diene harren ferhaal by Omrop Fryslân. De gemeente hat derom besletten ta in ekstern ûndersyk.