Subsydzje enerzjysuniger huzen

22 des 2011 - 10:20

Friezen ha manmachtich subsydzje oanfrege om har huzen enerzjysuniger te meitsjen. De provinsjale jildpot fan goed ien miljoen euro is leech. Fan mids april ôf hawwe 1100 huzebesitters de subsydzje oanfrege. Foaral de lêste wiken wie der in soad flecht op 'e koai, omdat gemeenten der doe ek flink reklame foar makken.

Minsken isolearje foaral de muorren en it dak fan har hûs. De provinsje besjocht noch oft de subsydzjeregeling trochset wurdt.

Trefwurden: 
enerzjysunich
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)