Nije trainers Harkemase Boys

21 des 2011 - 22:05

Willem Brouwer en Sjoerd Jan Eppinga wurde takom seizoen de nije trainers fan topklasser Harkemase Boys. Willem Brouwer (48) is op dit stuit foar it fjirde seizoen trainer fan sneonshaadklasser Flevo Boys. As betelle fuotballer spile er foar Telstar, SC Hearrenfean, Emmen en Veendam. Nei syn profkarriêre spile er trije jier by Drachten en fjouwer seizoenen foar Harkemase Boys. Yn it fiifde jier by De Boys waard Brouwer assistint fan trainer Sjoerd Jan Eppinga. Dy wurdt no assistint by Brouwer.

Sjoerd Jan Eppinga (53) spile sels by Drachten, Drachtster Boys en Sportklup Hearrenfean. Op dit stuit is er trainer fan sneons earsteklasser Blau Wyt ’34 yn Ljouwert. Yn syn earste jier as trainer fan Harkemase Boys (2002-2003) waard er daliks kampioen fan de haadklasse. Eppinga hat ek trainer west fan Hearrenfeanse Boys, ONT, De Westereen en BCV. Willem Brouwer die itselde by BCV en Drachtster Boys. It trainersduo (de sirkel is rûn) - beide Drachtsters - ha foar twa jier tekene op sportpark De Bosk.

Op dit stuit wurdt Harkemase Boys traind troch Robert Herder. Dy is oant de ein fan it seizoen de ynterim fan trainer Wieb Rodenhuis. Rodenhuis hat him siik melden nei in konflikt mei syn assistint Marc van Meel. Dy lêste is net mear by de seleksje, mar noch wol wolkom op sportpark De Bosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)