Topdrokte by postbesoargers

21 des 2011 - 14:42

Besoargers fan post en pakketten yn ús provinsje hawwe it op 't heden smoardrok. Mei de feestdagen foar de doar wurde hiel wat kaarten en krystpakketten ferstjoerd.

By de Fryske posttsjinst FRL-Post yn Ljouwert hawwe se it dit jier in stik drokker as ferline jier. Der is no al 15 persint mear oan post en pakketten ferstjoerd. 325 besoargers wurde ynset om alles goed te plak te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)