Provinsje: 8 ton foar Haadstêd

21 des 2011 - 14:29
  • Kulturele Haadstêd 2018

In mearderheid yn provinsjale steaten wol 8 ton beskiber stelle foar Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018. It foarstel fan kolleezjepartij CDA wurdt stipe troch PvdA en FNP. De 8 ton wurdt brûkt om de kosten dy't oant no ta makke binne te dekken.

De steaten wolle yn maart in beslút nimme oer in fierdere bydrage fan 1,6 miljoen euro. Dat is tagelyk it momint dat de gemeente Ljouwert de plannen foar de Kulturele Haadstêd en de finansjele bydrage dêrfoar bekend makket. De bydrage fan no fan 8 ton is in kompromis.

Deputearre Jannewietske de Vries hie earder oanjûn dat se woansdei in tasizzing fan de steaten woe oer de folsleine bydrage fan 2,4 miljoen euro. It is noch net dúdlik wat se fan dit kompromis fynt. Woansdeitemiddei wurdt yn de steaten praat oer de Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)