Seehûn slút rêder bûten

21 des 2011 - 13:38

In oanspielde seehûn hat tiisdei op Skylge syn rêder in oere lang yn de kjeld stean litten. It sike bist wie op it strân oanspield en siet mei noch seis seehûntsjes yn in auto te wachtsjen oant se fuortbrocht waarden. It bist drukte mei de foarfin op it knopke fan de sintrale doarfergrindeling. De eigner fan de auto stie der by en seach der nei.

Neffens Lenie 't Hart fan de seehûnekresj siet de kaai noch yn it kontakt en draaide de motor noch. Nei in oere wie der in reservekaai en koene de seehûnen foar de twadde kear dy deis rêden wurde.

Trefwurden: 
seehûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)