Yllegaliteit moat net strafber

25 apr 2013 - 15:29
  • PvdA

De PvdA moat ôfsjen fan it kabinetsplan om yllegaliteit strafber te meitsjen. Dat fynt PvdA-lid Sander Terphuis, sels flechtling út Iran. Hy tsjinnet sneon op it lanlike PvdA-kongres yn it WTC yn Ljouwert in moasje yn tsjin it plan. Terphuis neamt de maatregel 'inhumaan en onrechtvaardig'.

Hy is in petysje begûn om stipe te krijen foar syn inisjatyf. Dy petysje is yntusken troch mear as 5000 minsken ûndertekene. De diskusje oer yllegaliteit soarget al langer foar twaspjalt yn de PvdA.

Partijlieder Diederik Samsom wol it plan net loslitte, mar binnen de partij geane hieltyd mear stimmen op tsjin de maatregel. Sander Terphuis flechte yn 1990 út Iran en wenne doe earst yn Burgum. Hy naam in Nederlânske namme oan om yn te boargerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)