Kulturele Haadstêd stipet Aris

25 apr 2013 - 15:05
  • Aris Ljouwert

Basketbalklup Aris krijt stipe fan de Kulturele Haadstêd. In groep ûndernimmers dy't sympaty hat foar de Kulturele Haadstêd hat tasein de lêste wedstriden fan Aris finansjeel te stypjen.

Aris hie earder oanjûn dat men foar 2500 euro per wedstriid mei de namme op it shirt komme kin. Aris en de groep ûndernimmers oerlizze noch oer wat der op it shirt komt. Aris spilet woansdei 1 maaie yn de heale finale fan it Nederlânsk kampioenskip tsjin EiffelTowers yn Den Bosch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)