Dongeradiel stipet de soarch

25 apr 2013 - 14:48

De gemeente Dongeradiel sil mear gearwurkje mei wolwêzensorganisaasjes om sa de kosten yn de soarch werom te bringen. Dit docht de gemeente omdat der hieltyd mear fraach is nei soarch, mar der minder jild beskikber is. Yntinsivere gearwurking mei saakkundigen op it mêd fan ICT, ûnderwiis en soarch & wolwêzen moat ta in betelbere oplossing liede.

Yntusken binne der al tal fan projekten start. Sa is der ûnder oare in projekt úteinsetten mei soarch op ôfstan, mei help fan in byldtillefoan.

Trefwurden: 
soarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)